Griene simmer en De útwedstriid

 

No, wat giet it der om wei. Moardspullen op Facebook, fergees in boek delhelje. Machtich moai, allinnich jammer dat it moardspul net yn it Frysk of twatalich is. Soks hie de skriuwer bêst kinnen, en as ik him wat ynskat, hie er it ek wol wollen. Der sil oer fergadere wêze, nim ik oan. Dus net fierder oer eamelje, as it wat oanslacht soe it in idee foar oar jier wêze kinne, dan drage de Fryske bybs ek harren stientsje by oan bredere taalbefoardering.

Goed, in ferhaal yn parten op it web sette, dus. It is net nij, ferskate (Fryske) skriuwers ha it al dien. Jim sille my net piipjen hearre oer it oantal besikers op myn bloch, dat giet foar wûnder. Ek as ik in part fan De útwedstriid publisearje. Mei oare wurden, der is wol in slach minsken dy't dat wurdearje. No moat by my de kachel ek baarne, De útwedstriid is in hobby-projekt dêr't ik finansjeel net wizer fan wurde sil. Dêr ha 'k sels foar keazen, dus ek net oer jammerje.

Moai. Tiid om my op Tin iis te bejaan. Of glêd iis, wat jim wolle. Ik sil besykje om my sa nuansearre mooglik út te drukken.

Wy ha hjir in Omrop, dy't in webside hat. Neffens my is dat ien fan de meast lêzen siden yn Fryslân. Soe it ek wat wêze om de proazakultuer (en dichters) fia de Omropside te promoatsjen? Of flok ik no yn tsjerke? Nim ien boek yn it jier en set it yn parten op it web. Jou de skriuwer yn oerlis mei de minsken dy't de potsjes mei jild beheare in fergoeding. Der sit net it measte wurk yn, en je binne moai mei-elkoar rêden. Dump in berch reklame op de TV, Twitter en Facebook foar it projekt en de minsken komme wer ris yn oanrekking mei in Frysk boek.

No, ha 'k my fatsoenlik holden?

Reacties

  1. Och, Ferdinand, do kinst de Omrop noch tûzen oare goede ideeën oan de hân dwaan, in antwurd krijst dochs net... se sjogge dy aansen lilk oan as se dy tsjinkomme.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Om ien as oare reden bliuwe Fryske boeken op it Jan Poepersplak. Dat hat neffens my altyd al sa west en sil ek altyd wol sa bliuwe. Allinnich de KFFB-leden krije alle jierren noch op syn minst trije nije Fryske boeken yn hannen. Op syn minst, want sokken sille oars ek noch wolris in Frysk boek keapje. Men wol der kommersjeel sjoen net oan. Alles wat ea súkses hie is de nekke omdraaid. As ik it aai fan Kolumbus útfûn ha, bist de earste dy 't it heard. Ik woe wol dat ik wist hoe 't wy dit mei elkoar oppakke koene en de Fryske boeken wer by de minsken thús krije. Ik leau nammentlik net dat de oplossing leit op it ynternet. E-boeken is dochs wat oars as in 'echt' boek. Miskien soene se ris oan dy ferplichte boekepriis wurkje moatte. It is allegearre sa ferhipte djoer. Of flok ik no ek yn tsjerke?

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen