LETS GO FLYERS, LETS GO!!!

 

De winter komt der wer oan, dus begjint it iishockeyseisoen wer. Hjir wol, yn de USA net. Giet wer om jild, fansels. De hearen stake.
Hjoed stie der in prachtich stik yn de LC, oer hoe't se dêr yn Tsjechie in slaatsje út slaan. Folle stadions, mei NHL stjerren, dy't wol graach spylje wolle, mar no wurkleas binne.

Ik wol net leauwe dat de Friesland Flyers datsoarte spilers helje kinne, mar dochs falt jûn foar it earst wer de puck op it iis. En ik bin der by, omdat ik it in machtige sport fyn.

Ek yn de LC in ynstjoerd stik oer de sfear by SC Hearrenfean. Folslein mei iens, ik skriuw al tiden dat we mei dizze (grof betelle) foarsitter Veenstra dwaande binne de SC nei de soademiter te helpen. Der binne dus mear minsken dy't dat fine. Hollânsk prate? Doei.

Yn dat ramt sil ik dus hjoed nei de Flyers. Dêr hat Henk Hoekstra de lieding. Hee, is dat net de man dy't se der by de SC úttrape ha? Yes, dyselde. En ik ha grut betrouwen yn it feit dat er sein hat dat er de Flyers wer ris oan de lânstitel helpe wol. Dat soe wat wêze. Thialf oan de kop ta fol en einliks wer ris kampioen.

Jûn daliks de iepening tsjin ús grutte rivalen fan alle tiden: Tilburg Trappers. Ik hoopje dat se der op kletse.

LETS GO FLYERS, LETS GO!!!

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen