Petear op it Drachtster Lyceum

Sa. Nei in tige drokke dei werom yn myn selskeazen ferbanningsoard. Earst efkes byprate.

Nei oanlieding fan dizze bloch: http://stikelstekker.blogspot.nl/2012/11/ipad-op-it-drachtster-lyceum.html krige ik in útnoeging fan it Drachtster Lyceum om dêr ris oer troch te praten. En dat wie fannemiddei. Yn sân hasten derhinne, jo wolle net te let op skoalle komme, no? Dus mei it swit yn de skuon, krekt op tiid. Ik moast nei de keamer fan de rektor, en ik sil it jim mar bekenne, yn myn woeste jierren ha ik ek wolris yn sa'n keamer sitten, meastal wie it praat dan net sa fleurich. Mar jo wurde âlder. (wizer?)

It petear mei de rektor en in learaar, dy't ek mentor is, hat my tige foldien. It wie moai om te hearren dat se myn soarch dielden oer it brûken fan mobile tillefoans, iPads, sosjale media ensafh. En dat se dêr yn de lessen wol deeglik oandacht oan besteegje. It kaam der op del dat it, oangeande it tsjingean fan ferslaving, in gearwurking is tusken âlden, bern en de skoalle. Der oer kommunisearje, en witte wat jo bern online docht, foarsafier't dat mooglik is.
Wy ha in goed oere hinne-en-wer praten, en in oantal foarstellen oer wat te dwaan trochpraten. Prima. Ik bin benijd hoe't it fierder gean sil.

Mar it moaiste nijs wie fansels dat sawol de rektor as de learaar taseinen dat se De Lêste Trúk lêze sille. Hatsikidee, it wurdt noch wolris wat mei dy Drachtsters!!!

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen