Petysje. Tekenje dat ding!!!

En hupsakee!!! Dêr wie it al safier. Reboelje.

Nei de daverjende show fan justerjûn, o nee. Sorry. Dat hat der neat mei te krijen. Dat soe te maklik wêze, en ynkopperkes binne goedkeap, dogge wy hjir net oan. 

Mar it is al sa dat de ûnfrede oer it belied fan SC Hearrenfean tanimt. Sa bot, dat der no in petysje online stiet, dy't jo tekenje kinne. Ik wol jim fansels net beynfloedzje, mar nim it yn oerwaging en ûndertekenje dat ding. Sterker, as jim wolle dat de klup wer sa wurdt as dat er ea wie, in waarme feriening dêr't jo je wolkom en belutsen fielden, soe ik mar tekenje.
As der mar genôch stimmen opgeane, sil Robert Veenstra der net omhinne kinne. En de Ried fan kommissarissen ek net.

Nimt net wei dat it freeslik is dat it op dizze wize de hearen yn it Abe Lenstra Stadion oan it ferstân peutere wurde moat dat se yn de spegel sjen moatte. Allinnich dat feit al, seit wat oer wêr't SC Hearrenfean op dit stuit stiet, as it om waarmte, jo wolkom fiele en it idee ha dat de klup fan ús allegearre is. Der sil rap wat barre moatte, oars komt it op de kop ferkeard. Dus tekenje dy petysje, as se sa fan harren sels oertsjûge binne sille se der dochs gjin beswier tsjin ha, wol? Of bliuwt it kâld bûtendoar?

https://petities.nl/petitie/extern-onderzoek-bij-scheerenveen-noodzakelijk

Reacties

Populaire posts van deze blog

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen

'Skip the cow'