Geen referentiekader, straks 30ers met puberhersens

Dat wie in moaie jûn, juster yn de brede skoalle yn de Wiken, Drachten. In folle seal, ik skat sa 250 man/frou.

Justine Pardoen, haadredakteur fan Ouders Online en skriuwster fan it boek Focus!, fertelde ús oer hoe't sy tsjin de kombinaasje jeugd en sosjale media oansjocht. Twa akteurs spilen tige werkenbere deistige saken nei, dy't de oanwêzige âlders mei pubers geregeld in glimke of wat hurder laitsjen ûntlokke.

Reade tried yn it ferhaal: kom en bliuw yn petear mei de bern. Stel 'echte fragen'. Sis net: 'Doch dat kloateding no ris út', mar 'Wat dochst? O, en wat seit dy dan werom?' Makliker sein as dien fansels, mar wol wier.

Ien opmerking is my bybleaun. Justine Pardoen sei: 'We hebben geen referentiekader voor wat er op dit moment gebeurd. Omdat het nog niet eerder is voorgekomen.'

Mei oare wurden, wy witte net wat dizze ûnjouwings, 24 oeren deis online, firtuele freonen ensafh, mei de bern dwaan sil. In byld dêr by: in bern fan ien jier âld, dy't mei de finger oer in tiidskrift fage, en net snapte dat de foto stean bleau. Ien jier âld, en no al into de tablet.

Justine Pardoen lei it helder út. Yn it Reformatorisch Dagblad seit se: Dé manier is met elkaar te praten. Leerlingen moeten letterlijk stilstaan bij hun gedrag. Psychiaters waarschuwen ervoor dat, als jongeren niet leren omgaan met sociale media, we straks dertigers krijgen met puber­hersenen.”
Pardoen noemt de situatie niet rooskleurig. „Docenten beklagen zich erover dat jongeren niet meer nadenken, niet meer weten wat ze willen. Iedereen weet het, maar we staan er te weinig bij stil.”
Dit is de link nei dat artikel. http://www.refdag.nl/achtergrond/onderwijs-samenleving/scholier_blijft_zitten_door_sociale_media_1_693238

Dertigers met puberhersens. Ik bin bang dat we dus al efter de feiten oanrinne...

Noch in linkje: Ouders Online. Leuke site. http://www.ouders.nl/


Reacties

  1. Was een goede avond inderdaad. En dat filmpje van die 1-jarige? Sommigen ervoeren dat als schokkend. Vond ik onzin. Als het iets duidelijk maakt, dan is het dat papier een achterhaald, eendimensionaal ding is.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen