De malêse by Sportklup Hearrenfean



SC Heerenveen en Oerol

Heech tiid om jim wer efkes by te praten oer de stân fan saken by SC Hearrenfean. Nee, net dy op it fjild, dêr wurdt nimmen mear waarm as kâld fan. Hjoed pakt de VI út mei mailferkear wêryn’t de Ried fan Kommissarissen harren lêste stikje kredyt ferspylje. En dan hat Stikelstekker noch in pear saken om oan jim te fertellen. Dit alles yn it ramt fan ‘Transparatie en In Nije Dei’.

Wy skriuwe july 2012. Sportklup Hearrenfean is op stjerren nei dea. Der is in hierefterstân fan 5 miljoen.
Yn in mail skriuwe de hearen fan de RfK oan direkteur Robert Veenstra: 'Hé maat, we helpen je te blijven.' Robert Veenstra krijt een BONUS. It goede wurk moat beleane wurde, sa giet dat. Efkes yn de efterholle hâlde dat soks troch seisoenskaarten en sponsers betelle wurde moat, wylst it dochs om de prestaasjes op it fjild gean moatte soe. Lit ik der nochris by fermelde dat de stimferhâlding yn de RfK 3-2 wie. Dus dêr is de sfear ek tige. It stjoeren fan in brief nei de supporters wie it foarbyld, de iene helte dan de RfK wist net dat de oare in brief stjoerd hie. Treflike kommunikaasje dus. Dat ha je mei dy Skype ferbinings.   

Dizze minsken sitte der om belied te toetsen, witte jim noch? Goed, de hier wurdt troch in net neier te neamen partij betelle. O ja, ik soe jim noch efkes op in tige âld bloch wize wolle, dan kinne jim sa no en dan iepen fragen sels beäntwurdzje. Oer hoe’t Sportstad funksjonearret en sa mear. Jim sille it grif noch witte. Klik hjir

Doe kaam der in kollum yn de Pravda fan de SC, de Corner. De skriuwer dêrfan ferbliuwt no earne op in kemping, dwersferbannen yn de top komme soms tige krekt, mar dat geheel terzijde. De foarsitter sil goed en djoer rûkersguod ha, litte wy it dêr mar op hâlde. Privee en wurk meie net keppele wurde, mar ek dêr liket no foar goed in ein oan te kommen troch baanbrekkend wurk by de SC.
Dy kollum is it begjin fan alle ellinde? Nee hear. De sfear wie al beroerd binnen it Abe Lenstra Stadion. De Omrop hat der in reportaazje oer makke.

De bal is begûn te rôljen nei dy kollum. It frjemde is dat alles en eltsenien sa stadichoan wol troch hat hoe’t de situaasje is. Mar zachte heelmeesters lykje oant no ta foar master op te slaan.
Yn elts oar bedriuw hienen der al lang koppen fallen. Mar net by SC Hearrenfean. Hoe kin dat no?
Stikelstekker bellet hiel wat ôf dizze dagen. Of hy wurdt belle, dat komt faker foar.

Sa hearde er oer scouts ferhalen dy’t er hjir mar net delsette sil. Omdat er it net leaude, hat er wederhoor tapast, sa’t dat heard. En ja, de ferhalen doge. Yn petearen fan oardel oere waard my in soad helder oer de direksje fan de SC. Ek oer minsken dy’t no dogge as binne se sa blank as in leelje. Mei de neidruk op blank.

Sa hearde er ferhalen oer it stiftingsbestjoer. In bytsje toutsjes flechtsje en je ha wol troch hoe’t soks ynelkoar sit. It deksel fan de beerput hoecht mar op in kier, dan is de stank al net mear te hurdzjen.

En dan is der de groep minsken dy’t it goed mei de klup foar ha. Dy’t as ien front in gearkomst beleinen. Prima.

As de berjochten doge, en wêrom soe dat net sa wêze, is juster in foarstel oan de direkteur dien om te dwaan wat er, as er ek mar in greintsje fatsoen yn de bealch hie, al dwaan moatten hie: opstappe. Him is doe in jiersalaris bean. Foar de bystânmemmen dy’t 50 euro yn de moanne te besteegjen ha: De ôfkeapsom fan de direkteur fan in Fryske betelle fuotbalklup is ien miljoen. Juster binne 350 readsjes bean, mar dy foai wie net genôch om Veenstra fan Oerol nei de fêste wâl te lokken. De spits hat syn nukken, sille we mar sizze.

Ien miljoen oan jild út de klup lûke. Dat is it grutte jild. Al dy baantsjes fan 10.000 euro dy’t troch it belied fan dizze direksje út de klup wei sanearre binne stean dêr yn skril kontrast tsjinoer. Wat in klupman. Sokken steane moarns ek foar de spegel, of soenen se spiegelglês ha?

Wol is it sa dat de trein yn beweging liket te kommen. Fierstente let hat de OSSH harren útsprutsen foar in ûndersyk. Dy soenen harren daliks oanslute moatte by de opposysje. Foarsitter fan de OSSH Schipper wol feiten op tafel. Feit is, Schipper, dat de sfear by de klup nul is. Datsoarte feiten kinne jo net op tafel lizze, dy moatte jo oanfiele.

We ha hjir te krijen mei in unike situaasje, mar net ien om grutsk op te wêzen. Riemer van der Velde sei dat it in ‘hell of a job’ wurde sil om de Sportklup Hearrenfean wer yn fatsoenlik farwetter te krijen. Dat sil, sels al is de direksje en RfK fuort, yndie in hiele toer wurde.
Dat is mei de fertsjinste fan immen dy’t foar al dat ôfbrekken no op Skylge sit te wachtsjen oant se him noch mar ris in miljoen op syn rekken stoarte. Voor bewezen diensten.

En út klupbelang ha ik no noch net alles opskreaun wat ik eins skriuwe wol en kin. Ik ha noch hope op in goede ôfrin. Sil der wol wat stipe fan De Timmerman komme moatte. En rap.  


  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen