Jankerij oer it CDA

Tsjongejonge wat giet it der omwei. Ynstjoerde stikken yn de krante, lêbje op sosjale media, etterje op soere blochs en wit ik wat mear. Soks komme jo hjir fansels nea tsjin, dat sprekt foar himsels.

Wêr binne in pear jammerjende seurstengels dan no wer fan oer it teewetter? In namme. Jawis, in namme. In namme fan in gemeente ek noch. Krekt as soenen jo jo dêr drok oer meitsje moatte. Dat jout dochs neat, de prachtige gemeente Smellingerlân (sis mar net Drachten, hear Lok), hat slûpendewei al Drachten op it reau en de kofjekopkes plakt. 

De Fryske Marren. Moaie namme, liket my. De FNP wûn de ferkiezings en dus die it CDA wat wetter by de wyn en mei ek yn it kolleezje. Neat nuvers ûnder de sinne, sa giet dat. Wat jaan en wat nimme.

En ja hear, dêr komme de jammerklachten. Hâld no dochs gau op en gean oan it wurk, steltsje eamelders. It kostet 4 ton of sa. No en? Dat hie it oars ek koste. En hearlik, hearlik, wy kinne mei syn alles wer ris lekker tsjin it CDA oanmige. Want wat is der no aardiger as dat.

Der wie ek ris in partij dy't him fûleindich fersette tsjin de JSF. Tsja, it kan verkeren. Wy binne hjir net fan it nammen neamen, mar dat kostet al in pear sinten mear. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen