Supersimmer yn Fryslân!

Wylst de BV Nederlân him nochris mei in foldiene sucht op de oare kant draait, de fakânsje liket elts jier langer te wurden, hoesa krisis, komt der in oare glâns op de blêden oan de beammen. Hoe ferfelend de minsken it ek fine sille, ik net want ik mean my sûnt febrewaris in slach yn 'e rûnte, der komt in ein oan dizze simmer. Net dat it in saaie simmer is, lokkich foar de sjoernaals barre der de meast moaie dingen, dy't in knoarre minsken oan it byldskerm plakke lit.

Hjoed seach ik in fideo dêr't minsken as hûnen delsketten waarden, omdat se blykber de ferkearde God keazen hienen. Lju mei flaggen en findels soargen foar de nedige feeststimming, wylst de iene nei de oare in skot troch de holle krige. Treflik hear, dat ynternet, jo bliuwe mei alles op de hichte.

Mar goed, de skûtsjes farre, de cocktails yn it 'frije' westen smeitsje tige, it is 38 graden yn de toeristeplakken yn Turkije, wylst de minister dêr fynt dat froulju net yn it iepenbier laitsje meie. Treflik hear, dat ynternet, jo bliuwe mei alles op de hichte.

Prachtich ek dat se yn de USA no twa oeren oer in eksekúsje dogge, dan krijt dyselde teminsten in knappe deastriid foar de kiezzen en kinne de neibesteanden fan syn slachtoffer mei flaggen en findels harren gelyk twa oeren lang de deageande moardner taroppe. Treflik hear, dat ynternet, jo bliuwe mei alles op de hichte.

Foaral it feit dat der diskusje is oer hoe't we hjir ús stroom opwekke moatte is ek super. Dan dogge wy mei yn de grutte fraachstikken fan dizze planeet. Guon binne hast safier dat se mei flaggen en findels harren eintsje gelyk kleur en fleur jaan wolle. Tige hear, dat ynternet, jo bliuwe mei alles op de hichte.

De oantallen giele post it bryfkes op myn buro nimme yn rap tempo ta yn oantal.

Laitsje minsken noch wolris echt?

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen