Bôle en papieren boeken

Doe't ik yn It Wâld opgroeide, wienen se der noch by it soad. Mar der hat in skoft west, eins miskien wol 20 jier lang, dat ik der hast nea mear ien seach. Doe't wy dit jier in dei as wat yn België wienen, skarrelen der ek in pear om.

De lêste tiid is it hast net mear de fraach of, mar nei hoefolle tiid er him sjen lit. Ik sil it plakje net ferklappe, aanst ha wy in komplete tastream fan ferstedske betontoeristen dy't ek wolris 'een leuk wild diertje in de provincie' besjen wolle. Dus bliuw dêr mar, de kâns is dochs grut dat jim him net iens sjogge, jo moatte der each foar ha en hy is rap. Samar wer út it sicht.

Ik ha der wille om. Alle kearen as ik him sjoch moat ik oan myn lytse kantoarke tinke, dêr hinget ien yn post terminale tastân oan de wand. Dea dus. Opstoppe. O sorry, efkes oersette. Een levenloos diertje conserveren en prepareren tot een tentoonstelbaar object.

Hy wie net fluch genôch foar de swarte Opel Acona fan heit en mem, it earme bist.

Sjoch as der bôle komme moast en ik hie myn papieren boeken fan de biblioteek oan de Tolhuisweg yn It Feen wer út, wie dat net in ramp. Ik wie 15 en woe best wol om bôle en nije PAPIEREN boeken. Efkes weidreame yn de biblioteek en bôle helje by bakker Van den Brug oan de Koningin Julianaweg 28 yn It Feen. Mem hie har boeken meastal ek út dus socht ik ek in stik as wat streekromans op.

Ik woe dat echt graach dwaan. Bôle en boeken helje. Papieren boeken. Mar dan wol yn de swarte Ascona fan heit en mem. De tiid wie doe noch wat oars, je waarden grut op de trekkers, dêr't je fan jongs ôf op rieden. Gjin probleem, as de plysje je mar net seach. Myn broer, âlder en wizer as my, ha se in kear pakt mei de Ford en de dongwein der efter. Hy wie noch sa lyts dat er net boppe de spatboerden útkaam. Letter sei er dat dy Ford hiele hege spatboerden hie. Ja, ja. Dêrnei ha wy nea wer in Ford hân.

Hoe dan ek, as it wat hjerstich wie sa as it no eins ek wêze moast, heit oan it melken wie, mem de boeken út hie en de bôle op wie, gie ik nei It Feen. Yn de Ascona. Moaie auto. Woe ek hurd. Te hurd foar it bist. Ik ha him deariden. Op de Marijkemuoiwei, flak by it hûske fan Klaas Bergsma, hjoed-de-dei boskwachter yn de ieuwige bosken, mar doe noch Claudio Berry, de gitaar spyljende, sjongende boskwachter-ûnderhâldsman.

Hy wie dea. Ik wist it daliks, hy hie gjin kâns tsjin de swarte Dútske Ascona, dy wie folle hurder. Hy skeat de dyk oer en ik rekke him. Mei twa brune knipbôlen njonken my op de byridersstoel en in steapeltsje papieren boeken op de efterbank. Ik ha de auto oan de kant setten, bin tsien meter werom kuiere en ha him oppakt. Hy wie waarm en dea.

Op de legere lânbouskoalle, dy't op it plak fan de Trinitas stie, dy tsjerke dêr't lêstendeis in Frysk boek presentearre waard dat yn 10 dagen 3000 kear oer de toanbank gien is, hie ik in biology learaar dy't lústert nei de namme Brinkgreve. Hy wennet noch altyd tusken De Gordyk en Jobbegea. Dy hat it bist yn de friezer stoppe en letter krige ik him werom. Kreas preparearre. Dat sil dus no 30 jier lyn wêze.

De lêste tiid sjoch ik se wer. Se binne net nei te kommen sa fluch. Je sjogge se allinnich as je der op ôfjage binne. Mar wat binne se prachtich. En wat giselje se hurd troch de krunen fan de beammen.
Ik sil jim net fertelle wêr, mar ik mei der graach nei sjen. It iikhoarntsje dat efter syn partner oan sit. Se boartsje mei de swiertekrêft en rinne oer takjes wêrfan't je sizze soenen dat se daliks knappe. Mar se witte wat it lije kin.

Prachtige bisten. Moai dat se der wer binne.
     


Reacties

  1. Ik wie 11,it wie sneon 13.15, heit syn knipperke wreed fersteurd, kosten dezes fyftich goune!! Oare tiden, dus. J.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen

'Skip the cow'