Ik wol in Islamyt as baas fan Fryslân

Dit sette ik dizze moarn op Facebook, wylst ik dwaande wie in grêf te meitsjen. 

Wij zijn van denken dat alle azijnmijgers in het hoofdplaatselijke roddelkrantje dat LC heet, zich betreffende het Fries wederom van de bekende kant zien laat, zij zullen zich vast en zeker in elk land aanpassen aan de heersende taal en cultuur, echter in hun eigen gekozen woonplaats met een eeuwenoude gesproken taal menen zij zich te moeten misdragen door volkomen intolerant met de tweede rijkstaal om te gaan, wat ons maar koud bij de rug omlaag moet lopen, elke vorm van berichtgeving rondom deze taaljihadisten is er een (1) teveel, het feit dat het hoofdblad sinds 17 nog wat deze taaldwazen een (1) podium biedt zegt nevens ons iets over het beleid aangaande de moedertaal, wij overwegen dan ook sterk om na vier (4) generaties afscheid te nemen van het Leeuwarder Nieuwsblad, dat zodoende.

Oanlieding wie de ynstjoerde stikken yn de krante oer in Frysk pratende Johannes Kramer. Dy is tafallich fan de FNP. En is deputearre fan ús moaie provinsje. In lilke studint rûn fuort doe't dy miende dat net hy, mar Johannes Kramer ûnfatsoenlik wie. Hoe bryk kinne je tinke. 

Daliks sprong de Ljouwerter krante der op yn. As ik sjoernalist west hie, hie ik efkes nei de baas fan Fryslân gien om in reaksje te freegjen. John Jorritsma is de kommissaris fan kening Willem en foarsitter fan de Steaten yn de moaiste provinsje fan Nederlân. Dy hie fansels daliks sizze moatte dat ien út syn team, it kolleezje fan deputearren yn Fryslân, altyd en oeral it folste rjocht hat om syn eigen taal te praten. 

De stumpers dy't 'Het Friese Gedram' yn de LC krigen, hienen troch ús grutte baas tasprutsen wurde moatten mei net mis te fersteane wurden. 'Wa't him hjir te wenjen sette wol is fan herte wolkom. Wy binne in tige gastfrij folk, dat him yn alles oanpast oan wat hjir komt. Mar wy meie hjir Frysk prate.'

Mar nee hear. It earste dat wy dan mar donderje litte is ús taal. Want wy wolle net dat de rest fan Nederlân him oan it Frysk ergerje soe. Dat in knauwende Grinzer, in ultra plat pratende Tukker of in sliskjende Marokaan út Amsterdam minder te ferstean binne docht der net ta, it giet om dat ferdomde Frysk. 

Dat Frysk moat dea. Wat miene se wol net, in twadde rykstaal? Ja, doei. Ik, skriuwer fan ynstjoerde stikken yn de LC, fyn dat ik yn Fryslân it rjocht ha om te sizzen dat Johannes Kramer dramt en dat er him ferbrekke moat.

Us kleurleaze bestjoersfoarsitter hie daliks de foarside fan de Ljouwerter krante opeaskje moatten om rjochtdei te hâlden mei de dwerskneppels dy't ús taal net hearre wolle. En oars de boargemaster fan Ljouwert, as hoeder fan KH2018. Of wurdt dat no in Ingelsktalich barren? Hoe dan ek, se wienen der net. Wat der wol wie: In Nederlânsk ynstjoerd stik fan Johannes Kramer. Tige fantsoenlik, mar eins sa flau as luzen. 

Wêr is de grutskens fan de Islamityske boargemaster fan Rotterdam? Hearre jim it Jorritsma of Crone al sizzen?

As it jim hjir net befalt? ROT DAN MAR OP!'

Ik wol in ruil foarstelle. Ahmed Aboutaleb as nije KfK en Lutz Jacobi boargemaster fan Ljouwert. Kinne Jorritsma en Crone moai nei de rânestêd.  

Sneuneuzen, dy skriuwers fan dy ynstjoerde stikken. Mar dizze diskusje rint al efkes. Ik meitsje my lilk op de Leeuwarder Courant. 

Myn krante wurdt in nei binnen keard hoofdstedelijk blêd. Mei amper each foar wat him bûten de muorren fan 058 ôfspilet. Dat ropt argewaasje by de lêzers op it plattelân op. Want dêr wurdt de krante lêzen. 

Folslein mispleatste sterretjes oer mûzen, ferkearde stikjes ûnder foto's dy't net rektifisearre wurde omdat de teannen fan de sjoernalisten krekt wat te lang binne om ta te jaan dat der yn de provinsje ek kennis oer in ûnderwerp bestiet. En dan ha ik it noch net iens oer it mega podium dat de ea serieuze kwaliteitskrante jout oan alle sketen en boeren út de vega hoeke en bisteklups. 
En fansels oan de anty Friezen. Want dat is leuk. Se tinke op de redaksje fan de krante grif dat soks ekstra lêzers opsmyt. 

Lit ik jim op de redaksje mar út de dream helpe. It smyt gjin lêzers op, mar it kostet jim lêzers. Jim binne in krante yn Fryslân, hast sûnder Frysk der yn. Spitich foar jim, Fryslân is grutter as 058. En Phillipus van der Meulen syn stik yn de krante fan sneon sloech yn dat ramt werlik alles. 

Ik hoopje dat der in reaksje komt, want ôfskie nimme fan in krante dêr't wy fan sawol heit as mem har kant generaasjes lang mei grutbrocht binne, docht sear.    

Reacties

Populaire posts van deze blog

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen

'Skip the cow'