Frisselje

Nei oanliding fan in lyts item dat ik hjoed fûn. It is in sturtlearke. 

Soe it noch dien wurde? Foar ús wie it as bern de gewoanste saak fan de wrâld. Sturtfrisselje. Je namen in stik pickuptou, tearden it dûbel op in lingte fan in sentimeter as fjirtich, snien it tou troch mei de F. Herder dy't je standert yn de bûse hienen, fiken noch in selde stik tou ôf dat krekt wat langer wie en knopen dat yn de midden oan it oare sadat je trije toutsjes hienen dêr't je mei flechtsje koenen. 

Dan namen je in part fan it hier fan de sturt fan in ko en begûnen te flechtsjen. By ien fan de toutsjes flochten jo it sturthier mei yn. As je hast oan de ein wienen, draaiden je it flochten tou ta in bol en setten der in dûbele knoop op. De einen op deselde lingte ôfsnije en: Klear. 

Dêrnei koe it learke dat oan de sturtline siet oer de frissel hinne helle wurde. As ekstra koe der ek noch in knoop op it learke makke wurde sadat de sturt net maklik los kaam en yn de jarre lizze koe te griemen. As alles goed gie hienen je in stik as 20 kij op de lange rige mei útplúze sturten dy't krekt wosken wienen, mei nije frissels en hielendal in moai gesicht wie it as der ek noch nije wite sturtlinen mei nije learkes oanbrocht waarden. 

Soks moast eins op de earste sneon neidat de kij binnendoar kaam wienen. Dan wie it bûthûs himmele. As der dan molken wie, de groppe wie moai skjin en je hienen foar de earste kear hearlik rûkende kuil fuorre, wie it jûns by it ôfljochtsjen krekt in mearke. Alle kij leinen dan faak te wjerkôgjen, pûsten en blaasden fan klearebare noflikens. 

Alle nijmoadrige kontroleurs fan de voedsel en waren grapmakkerij ha nea, mar dan ek echt nea meimakke hoe't in beslach fee op in Fryske stâl folslein tevreden harren deljoech en jo tankber in slik mei de rûge tonge oer de hân joech. As it bûten stoarme, reinde en it binnendoar noflik en droech wie. Praat my net fan dat vega-folk dat mient te witten hoe't in ko oer saken tinkt. Ik ha it sels meimakke. Eat dat sy net sizze kinne. 

Henriëtte 9 wie myn knuffelko. As ik de mjukserij oansetten hie, gie ik altyd op har skouder sitten. Sy bleau gewoan lizzen en lei de swiere holle dan op myn knibbels en sleat de eagen. It wie it fêste ritueel, wy ha dat jierren sa dien. 

Ik sil it myn libbenlang net ferjitte. De rook, de lûden, de ienfâld en it moaie fan alles dat yn in Fryske stâl sa kenmerkend wie.

Dat seach der dan sa út. Heit en ik by de bikskarre.    

    


Reacties

Populaire posts van deze blog

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen

'Skip the cow'