Rabiate flauwekul

Eugéne Roorda, Phillippus van der Meulen en Ernst Bruinsma yn it nijs

Juster spruts ik mei immen dy't op myn fraach: 'It stie yn de krante, hast it ek lêzen?' sei:
'Ik lês in goede krante.'

Der binne aardich wat definysjes fan rabiaat. It is leau ik gjin Frysk wurd, mar dat makket neat út. In pear betsjuttings:

1: Als je op een boze manier totaal door een idee of ideaal in beslag bent genomen
2: Fanatiek
3: Fel
4: Verwoed
5: Doldriftig
6: Woedend
7: Bezeten  
8: Dolzinnig.
9: Dol

De Ljouwerter Krante joech by de ynstjoerde stikken romte oan in eigen redakteur om oer de foars en foaral de tsjins fan it jaan fan Gryksk en Latynsk op it gymnasium te kedizen. Op himsels al in tige nuvere saak, want wêrom net yn in opinystik? In pear oeren letter waard LC redakteur Phillippus van der Meulen op Facebook al aardich troch de mangel helle troch Afûk útjouwer Ernst Bruinsma, dy't sei dat Van der Meulen mar better op in troch himsels oanrikkemindearre survival gean koe. De sfear by de kulturele, sjoernalistike en oare elite yn De Hoofdplaats like hjoed wat bekuolle...    

Hawar, der steane wol mear frjemde saken yn de krante. De lêste tiid in soad oer it ûnderwiis yn ús lân, it ûnderwiis dat slim ferâldere wêze soe. Wy hoege neat oer it ferline te witten, it iennichste dat we witte moatte is hoe't we sa goochem mooglik mei in tablet of in iPad omgean moatte. Dêr kinne wy alles op fine. Ek dat yn 1940 oant 1945 nochal wat barde en sa. Hoege wy net mear te learen. Opsykje is better. Talen? Sjineesk. En kompjûtertaal. En de taal fan de manlikheid. Kom ik daliks op werom, want ek dat stie yn de Ljouwerter krante.

Ambachten litte wy troch Poalen of aanst troch robots dwaan en ien fan de moaiste fiersichten is in basisynkommen foar alle minsken. En ek net te ferjitten: oeral wer skriezen yn de greiden. De boel sa ynrjochtsje dat de driuw om ek noch mar in flikker út te finen alhiel fuort falt. Wa't dy woarst oan de tinkers fan dit lân foarholden hat mei wolris in boekje mei siswizen út de biblio... O, nee. Dy binne der hast net mear. En skiednis is oerstallich, dus de spreuk: Voor wat hoort wat, is dat dan grif ek.
As der gjin driuw mear is, wurdt it kreative part fan it brein oer in oantal generaasjes ek terminaal, dan falt der allinnich yn de skiednis noch út te finen hoe't je ek alwer kreatyf wêze koenen. Lokkich ha we de tablet en de iPad noch, alles bliuwt bewarre yn de database fan it libben. Minsken leare yndie neat fan de skiednis. Want as se de skiednis net mear bestudearje, kinne se der neat fan leare.  

In het laatst der dagen zult gij vreemde (ver)gezichten zien...

Mannen fan Fryslân, de tiid is kaam om jim te ferheffen en sjen te litten dat jim reptile brein better wurket as dat fan de oare helte fan de wrâldbefolking. Want as Eugéne Roorda (neamd nei paus Pius de tolfde, want der stie XII en ik ha Romeinske sifers leard) dat seit, is dat fansels sa.
Ik kin my yntinke dat der dochs noch wol in pear Friezen binne dy't net witte wa't dizze eunuch, eh, Eugéne is. Eunuch, hoe kom ik der by, dy ha gjin ballen, en dy hat menear Eugéne omraak en dêr is er wiis mei. Hy fynt sels dat de iennichste wearde yn de nije rjochtsoarder wêze sil hoe't jo de ballen rêde moatte. No, ju. Der sieten ek noch 'enkele tientallen' grif tige wanhopige ûndernimmers en oare hoantsjes yn de seal om dizze popie Jopie oan te hearren.

Ik krige jokte oan de sek doe't ik it lies. Mar ik ha dan ek net yn tsjinst west, dus gjin echte man. Roorda syn stellings komme op my oer as (sa as ek ris yn de Ljouwerter Krante te lêzen stie) de Friezen rangskikke yn keatsers en net keatsers. Dêr wienen ek in pear grutte tinkers mei anneks, leau ik.

Krekt as soenen jo út dizze kritearia ek mar foar in gram de definysje fan wat manlikens en Frysk is filterje kinne. Je soenen der rabiaat fan wurde.

No woenen jim fansels graach witte mei wa't ik sprutsen ha. In les út de skiednis is dat swije soms better is as prate. Yts mei sulver en goud. Googleje it mar ris foar de krekte folchoarder.   


   



Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen