maandag 20 april 2015

Tegeltjeswijsheden op moandei

Korte lijnen a.u.b

10.34 telefoan.
'Ja, jo prate mei ... Efkes oer de ôfspraak fan 11.00. Wy ha in ferkeard ûnderdiel krigen.'
'O, mar dat is al wat let om dat noch te melden... ik tink dat de frou al ûnderweis is.'
'Ha jo ek in mobyl nûmer fan jo frou?'
'Ja, mar foardat ik dat jo trochjûn ha en sa...'
'Hoe dan ek, ik ha net it goede ûnderdiel.'
'Leuk is dat. Wy ha der oars alles foar plend. 11.00 by jo, dêrnei de APK keuring omdat jo seinen dat er grif ôfkard wurde soe as er der sa foar kaam. En no belje jo goed 20 minuten foar de tiid alles ôf?'
'De auto kin in prinsipe wol foar de keuring...'
'O, no ynienen wol? Mar dat is pas oer twa oeren.'
'Hoe dan ek...'
'Ik sil besykje har te beljen.'
'Dan belje ik jo aanst wol wer ris werom oer in oare datum.'

Toet..toet..

De nekhierren stienen dus al rjocht oerein. Jo binne sels op lokaasje, kinne der net folle oan dwaan. Oan it wurk. Alles goed regele sa't it like. Dus komt der in klap op.

10.36
Besykje kontakt te lizzen mei frou en mem. Net goed foar it hert. De frou is al ûnderweis en mem soe har ophelje, dus dy sil ek wol sawat te plak wêze. Skrik o skrik, der wurdt opnaam.

'Ja, wat is der?'
'Se ha it ferkearde ûnderdiel, dus kinst wol wer werom komme.'  
'O, mar ik bin al hast yn It Feen. Wat sil ik no?'
'Kom mar werom, want it hat gjin doel om...'
'En mem?'
'Dy sil ik belje, en de garaazje ek. Alles moat mar in dei letter.'
'Grrr... No ja, it sil wol net oars kinne...'
'Eh, nee. Ik wie eins oan it wurk...'

10.40
De meanmasine lake my yn it gesicht út. Ik hie hast sin oan wat, mar dochs earst mar wat troch belje. Mem net te berikken, mobyl is wat foar jonge minsken, dus kânsleas. Frou yntiids ek yn petear, wylst se dat oars ridendewei nea docht. Nuvere saak, mar it sil wol. Earst de garaazje belje.

'Ja, goeie, De Jong. Wat is der loos?'
'No it sit sa, de auto soe oars mei in nij ûnderdiel nei jim takomme om foar de keuring...'
'Ja, dat stiet hjir yn de planning.'
'No, hy komt net, want sa en sa.' (stoom út earen)
'Och heden. Hie it dan gewoan by ús dwaan litten...' (touché...)
'Ja, dat hie yndie better west mar it is al sa. Soe it in dei letter op deselde tiid ek kinne?'
'Efkes sjen... Ja, is goed.'
'Super. Sorry foar de oerlest...'
'Hindert neat, de Jong. Oant moarn!'

10.44
Mar efkes belje nei dyselde dy't it ferkearde ûnderdiel binnen krige, want as ik oan it meanen bin fernim ik net dat se my belje. Fatsoenlik fan my, tocht ik sa.

10.45
'U bent verbonden met ... toet, toet... Hallo, waarmee kan ik u helpen?'
'Ik hie eins in ôfspraak om 11.00, mar dat koe net trochgean, dus no bin ik wat oan it regeljen...'
'Wat is uw kenteken?' (stadichoan begjin ik te flippen...)
'Gjin flau idee, mar kinne jo my efkes trochferbine mei de saak op It Feen, want dy...'
'Nee, de planning wordt hier gemaakt, dus ik moet toch echt uw kenteken...'
'Bêste mevrouw, ik freegje it noch ien kear. Soenen jo my trochferbine wolle mei de saak op It Feen, want dy menear wit fan de hoed en de rand en dan hoech ik alles net wer út te lizzen, boppedat bin ik boppe de 40 en dan witte jo gjin kentekens mear...' (besykje der noch wat humor yn te krijen. Bin al 2 jier fan it smoken ôf, mar soe in moard dwaan foar in bêste haal oan in Javaanse Jonges peuk)
'Dat kan helaas niet, maar als u mij nu uw ken...'
'Mevrouw, dank u wel voor de moeite. Prettige dag verder.' (gogogogoogogogogogogogogogdgloeiendegoododododaasdasdasdfasasgrrrr)

10.50
Frou belje. 'Degene die u probeert te bellen is in gesprek...' (Seis kear besocht)

10.52
Voicemail. 'Nummer ... heeft u gebeld, maar geen bericht achtergelaten. (godofogsfgosgaofogodgloeiendegodgosasfs!!! Sprek dan wat yn, dan kin ik werom belje!!!)

10.53
Voicemail. 'Nummer ... heeft u gebeld, maar geen bericht achter gelaten ( de tegeltjes wijsheden skalle troch myn RamVan)

10.54
Voicemail. 'Nummer ... heeft u gebeld, maar geen bericht achtergelaten. (As de duvel sjonge kin, ha ik him imitearre)

10.54
Telefoan! 'Ja, jo prate mei ... fan ... Ik hearde dat jo werom belle hienen?'
'Fan wa hearden jo dat?'
'Fan de dame fan de planning.'
'O. Ik soe jo efkes werom belje, mar dat wie net mooglik. Sy koe jo dus wol berikke?'
'...'
'Mar wat wie der?'
'Moarn is it ûnderdiel der. Jo kinne de hiele dei wol komme.'
'Ja, dat sil 't wol. Ik sil wol efkes hearre hoe en wat it no sit mei ús planning.'  

10.55
Frou mar wer belje. 'Ja, wat is der?'
'Wat der is? Ik belje ferdomme de heale wrâld op, nimmen nimt op en as se my werom belje sprekke se neat yn...'
'Ik koe dy net werom belje, want myn telefoan wie fan de stoel mitere en op de A7 binne net folle parkearplakken. Boppedat hie ik wat ynsprutsen yn dyn voicemail, mar skynber net goed ôfsletten, dat no is myn beltegoed op.' (Ahum. Dochs siet hjir wol in humoristyske boaiem yn. Letter hearde ik yndie in minutenlang neat op de voicemail, ûnderbrutsen troch in prachtich: 'Wat in klojo, ryd dochs troch, man!!!' In normale frustraasje op de wei, sille wy mar sizze. Myn fokabulêr wie yntiids gâns wreder)

10.57
'No, it kin moarn allegearre wol. Deselde tiid en sa. Hasto mem noch belle?'
'Noch net, dat wol ik mei it fêste tastel dwaan, myn oare kin ik noch ien tel mei belje, sei it stomme ding.'
'Leuk. Ik bin dus in healoerke letter thús foar it iten.'
'Wat? Dan pas?'
'Ja, der wie wat fertraging, hoe en wat wit ik net mear.'

10.58
Noch net in meter meand. Ien opmerking spoeke my troch de kop om. Dizze: 'Och heden. Hie it dan gewoan by ús dwaan litten...' (touché...)

11.00
Garaazje belje. 'Ja, mei ... Dêr binne jo al wer, de Jong?'
'Brek my de bek net iepen. Kinne jo dat ûnderdiel ek dwaan?'
'Fansels wol. Wolle jo ek in ruilauto mei?'
'No, ik tink dat de frou dat wol moai fynt, ja.'
'Tink ik ek wol, dy hoecht hjir net it hiele skoft te wachtsjen. Jo bringe him mar as it jo past, de auto stiet klear...'

Probleem opgelost

Letter die bliken dat mem al braaf om 10.45 siet te wachtsjen. Dy wie dus ek net te berikken, omdat se mar in eintsje te toeren west hie. 'Ik hie de auto no dochs út de garaazje en safolle rydt er net, dus ik ha in slach troch ît Wâld dien...'

11.02 Meane. Flokkendewei.



2 opmerkingen:

  1. It libben fan alledei. Moast der wol om laitsje!

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Dat beltegoed heb ik opgelost met een goedkoop abonementje, verder past alleen razernij.

    BeantwoordenVerwijderen